Famyljekeatsen sneon 14 juni 2014
Sneonte jûn wie der wer famylje keatsen. It wie spitich dat der net folle famylje’s op 'e list stiene. Der wiene mar fjouwer partoeren opjoen.
Mei dizze partoeren koe der dochs noch in kompetysje ferkeatst wurde en koe men trije kear de krite yn. Om 18.30 oere gong it los. Der waard keatst mei in sachte bal en de rigels wiene in bytsje oanpast, sa mocht de bal net yn ien kear oer de boppe en waard begûn op spullen gelyk.
Dit lêste omdat we bang wiene dat we oars net foar donker út wêze soenen.
It rûn oars want it ûnderlinge krêftferskil soarge der foar dat de partijen nochal gau út wienen. It gongs sels sa hurd dat de lêste partijen wer mei in skjinne tillegraaf begongen. Al mei al wie it in tige slagge jûn mei moaie partijen en net te ferjitten moai waar. De dielnimmende famylje’s wiene: de famylje’s Van der Valk, Van der Ende, Dijkstra en Bonekamp. Utslach: 1e de famylje Dijkstra (Ignas, Bote en Jouke) 2e de famylje Van der Ende (Lyssa, Hedwich en Sander)
Geplaatst op 18 June 2014